Manfakwak   Stichting Manfakwak
 


 

Papoeafrou folge har ûnbekende leafde nei Steggerda

Nelley WambrauwNel Wambrauw is 71 jier, wennet yn Steggerda en helpt studinten yn Papoea. Yntusken ha mear as 200 studinten, faak wezen, studearje kinnen mei in finansjele bydrage fan har Stichting Manfakwak.

Nel Wambrauw wie sels ien fan de earste Papoeafamkes dy't in oplieding dwaan mocht. Se waard ûnderwizeres. Yn 1975 kaam se nei de Stellingwerven. Se folge in foar har ûnbekende leafde.

Harkje nei de reportaazje.

Omrop Fryslân 30 januari 2011